Burgumer fytser swier ferwûne

17 okt 2010 - 14:28

In 45-jierrige Burgumer is sneon yn eigen doarp swier ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. Hy waard op 'e fyts oanriden troch auto bestjoerd troch in doarpsgenoat (82). Dy woe út 'e Tjalling Haismastrjitte wei de Dr. Hornstrasingel ynride.

De fytser foel by de botsing mei de holle op 'e dyk. Hy is mei swiere ferwûnings oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert. Doe't er dêr stabilisearre is, is er nei it akademysk sikehûs UMCG yn Grins ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)