Beamfandaal oppakt

17 okt 2010 - 14:20

In 19-jierrige man út Hallum is yn 'e nacht fan sneon op snein yn Ljouwert trapearre op it fernielen fan in beam. De beam stie op it plein by De Harmonie. De man gie deroan hingjen en in grutte tûke bruts ôf.

Surveillearjende plysjes seagen dat en namen him nei it buro. Nei ferhear mocht er wer nei hûs ta. De gemeente is eigner fan 'e beam en moat noch oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)