Jacht op ynbrekkers

17 okt 2010 - 14:04

De plysje hat sneintemoarn mei ferskate ienheden op de A7 en de A32 achter ynbrekkers oansitten. Tsjûgen hiene sjoen dat se yn in benzinestasjon by Wynjewâld taslaan woene. De plysje kaam fuortendaliks. De ynbrekkers naaiden hurd út yn in swarte Audi yn 'e rjochting Drachten.

Der waarden mear plysjes optrommele en mei-inoar besochten se de ynbrekkers te pakken te krijen. Dêrby waard hurd riden op 'e A7 en de A32. By Akkrum rekke de plysje harren auto kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)