Snits hat lespakket archeology

17 okt 2010 - 08:52

De bibleteek fan Snits hat mei it Archeologysk Stipepunt, it Frysk Skipfeart Museum en de gemeenten Snits en Wymbritseradiel in lespakket oer archeology makke foar de basisskoallen.

De groepen 7 en 8 sille oan de slach mei 'Onder je voeten'. Sy leare ûnder oare wat in archeolooch docht en wat der mei de fynsten bart. Der wurdt foaral yngien op de ûntdekkingen yn Snits en Wymbritseradiel. De bern sille sels ek op syk nei skatten yn de grûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)