'Ein fan de wrâld yn 25 jier'

17 okt 2010 - 08:44

De weromkomst fan Jezus op ierde en dêrmei de ein fan de wrâld fynt binnen likernôch 25 jier plak. Dat ferwachtet dûmny Orlando Bottenbley fan de Betheltsjerke yn Drachten. Hy seit dat yn oanrin nei in tal tsjerketsjinsten oer de weromkomst fan Jezus.

Yn it EO-blêd Visie ferskynt meikoarten in brief fan Bottenbley oer syn ferwachting. Neffens him binne der ferskate tekenen dy't der op wize dat Jezus gau weromkomt op ierde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)