Flyers krije pak op 'e bealch
De iishockeyers fan de A6 Flyers hawwe thús mei 6-0 ferlern fan Nijmegen. Op foarhân tochten de Feansters kâns te hawwen op in oerwinning, mar it waard in ôfgong foar eigen publyk. Nei de earste perioade stie Nijmegen al mei 3-0 foar. Yn de twadde perioade waard it 0-5 en yn de tredde perioade skoarden de besikers noch in kear.
De Flyers binne no sa goed as wis útskeakele yn de bekerkompetysje. Der binne noch 4 wedstriden te spyljen en de Flyers steane op it lêste plak.
Trefwurden:
argyf