Ferlies foar Harkemase Boys
Harkemase Boys hat sneon mei 3-1 fan Genemuiden ferlern. Binnen trije minuten skoarde Genemuiden út in frije traap (1-0). Oebele Schokker makke de lykmakker foar de Harkiten. Yn de 39e minút kaam Genemuiden op 2-1 te stean.
Troch twa kear giel waard foar it skoft in spiler fan Genemuiden fan it fjild stjoerd. In fout yn de ferdigening soarge derfoar dat Genemuiden yn 'e twadde helte mei 3-1 foar kaam. Dat waard ek de einstân. Harkemase Boys stiet no achtste.
Trefwurden:
argyf