Minister fan it Waad

16 okt 2010 - 14:54

Der moat in minister fan Waadsee komme, want it gebiet is no fan gjinien. Dat seit direkteur Van Kersen fan de Waadferiening dy't dit jier 45 jier bestiet. De Waadferiening waard destiids oprjochte om de ynpoldering fan de Waadsee tsjin te hâlden. It gebiet stiet no op 'e wrâlderfguodlist.

It aksjefieren fan doe hat plakmakke foar al pratend foar de belangen op te kommen. It jubileum waard sneon fierd mei in optocht fan boaten dy't op ekskurzje de Waadsee op giene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)