Jonkje (5) swier ferwûne

In jonkje fan 5 jier fan Skiermûntseach is freedtemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok by Lauwerseach. Hy fytste op it fytspaad by de N361 en stuts ynienen de wei oer. In automobilist koe it jonkje net mear ûntwike.
It slachtofferke is mei ferwûnings oan de holle en mei ynwindich letsel nei it sikehûs yn Grins brocht. Dêr is de traumahelikopter by ynset.