Warkum krijt nij filmteater
Yn Warkum giet kommende woansdei in nij filmteater iepen. It soe earst festige wurde yn mienskiplik sintrum De Klameare. Mar troch spul is de organisaasje lykwols útwykt nei in gebou oan 'e Emmabuert yn 'e stêd.
It bestjoer wol alle soarten films fertoane. Sa moat it foar elk nijsgierrich wêze yn Warkum nei de film te gean.