Avanti lit punten lizze

16 okt 2010 - 12:55

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn djoere punten lizze litten. Yn Amsterdam waard yn overtime mei 3-2 ferlern fan AORC. De Stienzers kamen yn de earste helte op 2-0 foar troch doelpunten fan Majid Allaui en Harke Kalsbeek. Yn de twadde helte krige Avanti in protte kânsen om op 3-0 te kommen.

Fiif minuten foar de ein kaam AORC mei in penalty op 2-1. De Amsterdammers kamen yn de lêste minút sels noch op 2-2. Yn overtime pakte AORC trije punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)