Alde fisktradysje net ferbiede

Fiskje mei steande netten moat net ferbean wurde foar hobbyfiskers op 'e Waadeilannen. Dat skriuwe de provinsjes Fryslân en Grinslân yn in advys oan de nije steatssekretaris fan Lânbou.
De eardere Lânbouminister Verburg woe de steandewantfiskerij ferbiede. Foar de eilânbewenners is it lykwols in tradysje dy't al ieuwen bestiet. Betingst is dat de fiskers harren melde by it gemeentehûs en dat de netten net langer as 150 meter binne.