Cambuur jout winst út hannen

15 okt 2010 - 23:36

Sportklup Cambuur hat mei 1-1 lykspile yn de topper tsjin koprinner RKC. Hiel lang like it derop dat de Ljouwerters winne soene, mar yn de 86e minút makke Derk Boerrigter de lykmakker. Yn de earste helte hie Oguzhan Türk Cambuur mei in prachtich skot op 1-0 setten.

Nei de 1-0 hie Cambuurkeeper David Meul in pear prachtige rêdings op kânsen fan Fred Benson. De ploech fan trainer Stanley Menzo krige ek kânsen op de 2-0, mar makke se net. Mei it punt koene beide ploegen úteinlik libje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)