Himpkweker betrape

15 okt 2010 - 21:28

In besite fan in doarwarder hat freed in ynwenner (35) fan Drachten syn himpkwekerij koste. Yn de wenning fan de man oan De Petten waarden tweintich potten mei planten fûn. Dy binne mei de byhearrende apparatuer ferneatige. De man is fêstset op it plysjeburo.

In ynwenner (39) fan Middenmeer waard freed troch de plysje yn Snits betrape doe't er fierste hurd ried. De man hie 134 op de teller fan syn auto te stean, wylst er mar 80 mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)