Djoere tegelkolleksje stellen

15 okt 2010 - 21:19

In ynwenner fan Fryslân is ferline wike bestellen fan in djoere kolleksje antike tegeltsjes. Jan Holtkamp die der fjirtich jier oer om de samling byelkoar te krijen. Krekt doe't er nei in tegelbeurs wie waard de kolleksje út syn hûs helle.

Neffens Holtkamp wiene de dieders spesjaal út op de tegeltsjes, oare djoere saken waarden net meinaam. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. Op fersyk fan Holtkamp wurdt syn wenplak net bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)