Skarsterrienbrêge wurket wer

15 okt 2010 - 18:30

De Skarsterrienbrêge yn de A6 kin wer betsjinne wurde. Earder dizze wike woe de brêge net mear ticht neidat er iepen set wie foar in boat. Meiwurkers fan Rykswettersteat hawwe de brêge dêrom mei de hân nei ûnderen draaid. Dêrnei koe er net mear betsjinne wurde foar de skipfeart.

Freedtemiddei is it probleem ferholpen en sûnt dy tiid kin de brêge wer iepen foar skippen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)