Mear aksjes yn meubelbrânsj

15 okt 2010 - 18:02

It fakbûn FNV fiert de aksjes tsjin de wurkjouwers yn de meubelbrânsj fierder op. Freed waard by alle Bruynzeel festigingen yn it lân aksje fierd, dus ek by dy fan Ljouwert. Klanten fan de keuken- en meubelfabrikant waarden op strjitte oansprutsen op de hâlding fan de direksje fan it bedriuw. Dy wol it personiel dit jier net in bydrage foar ien kear fan 75 euro jaan.

Ek in eask foar 1,5 prosint leansferheging yn 2011 is troch de wurkjouwers fan tafel fage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)