Problemen iisklup Boalsert

15 okt 2010 - 12:29

It folsleine bestjoer fan de iisferiening fan Boalsert stapt op nei in konflikt mei de gemeente. De iisklup wol in stek hawwe om de nije iisbaan yn de stêd, sadat net elkenien der samar op kin. De gemeente wegeret.

Neffens de gemeente moatte alle ynwenners fan de stêd op de baan kinne. Neffens it bestjoer hat de feriening dêrmei gjin besteansrjocht mear. De iisferiening pleite al fan febrewaris ôf foar it stek neidat de iisbaan ferskate kearen fernield wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)