Sluting tsjerke Wynjewâld

De grifformeard frijmakke tsjerke giet nei 65 jier ticht
De grifformeard frijmakke tsjerke fan Wynjewâld slút de doarren. De tsjerke hat nei 65 jier te min leden om fierder te gean. De ôfrûne jierren sakke it tal leden en no fergrizet de gemeente. Op dit stuit binne der noch mar sa'n fjirtich leden, earder wiene dat der ûngefear hûndert.
De gemeenteried hat dêrom mei de leden it beslút naam om oansluting te sykjen by de grifformeard frijmakke tsjerke fan Sigerswâld/Fryske Peallen. Op 7 novimber is de lêste tsjerketsjinst.