Nij lân foar greidefûgels

Ek nei de oanlis fan de Heak om Ljouwert, de ûntslutingsdyk tusken Goutum en Marsum, moatte greidefûgels genôch lân hawwe om op te libjen en te brieden. Om dat garandearje te kinnen ûndertekenen trije boeren freed yn de buert fan Jorwert in kontrakt wêryn't stiet dat se lân beskikber stelle foar de fûgels. Dat hjit yn amtlike termen kompensaasjegrûn.
115 spantsjes moatte op dat nije lân delstrike kinne. De kosten binne goed 4,5 miljoen euro.