Fiskstreuper oanholden

De plysje hat tongersdei in 79-jierrige fiskstreuper út Gytsjerk oanhâlden. De man hie yllegaal 18 dobbers útset op de Rijd yn Gytsjerk. Doe't it fiskstreuperijtiim fan de plysje tongersdei op de Rijd oankaam, wie de man de dobbers krekt oan it ynheljen.
Oan fiif heakken sieten libbene ielen. Dy binne frijlitten. De man hat proses-ferbaal krigen en mei twa moannen net fiskje.