Aptekers op kontrôle

De apteker komt nei jo ta dizze winter
Soarchfersekerder De Friesland set aptekers yn om de medisinen fan har klanten yn Fryslân te kontrolearjen. Dy aptekers geane derfoar op húsbesite. Sa moat foarkaam wurde dat minsken medisinen brûke dy't gefaarlik wêze kinne. Dan giet it bygelyks om de populêre pynstiller ibuprofen.
Dat wurdt faak by de drogist helle en bliuwt sa út it sicht fan de kontrôle yn de apteek sels. Troch de kontrôle soene tsientallen sikehûsopnames yn it jier foarkaam wurde kinne.