Earste EU projekt Wetsus

By wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert is dizze wike it earste Europeeske ûndersyksprojekt fan start gien. Yn it ûndersyk wurdt sjoen nei saneamde blauwe enerzjy. Dizze enerzjy komt frij as swiet en sâlt wetter byinoar komme.
Der wurdt besocht in ynstrumint te meitsjen dat maklik enerzjy út dit proses helje kin. It projekt duorret yn totaal 4 jier en wurdt betelle troch de Europeeske Uny. Lannen as Spanje en Ingelân dogge ek mei.