'Protte partijen is goed'

Foto: Henk van der Veer
It grutte tal partijen dat meidocht oan de ferkiezings yn de nije Sudwesthoekegemeente is in goed teken. Dat sei boargemaster Hayo Apotheker fan Snits tongersdei by de lotting fan de listnûmers foar de politike partijen.
Yn totaal dogge der 11 partijen mei oan de ferkiezings. Fjouwer fan dy partijen binne noch net fertsjintwurdige yn de nije gemeente. It giet om Totaal Lokaal, D66, Feriene Lofts en de Partij voor de Bijstand.