Plysje siket oplichter It Fean
De plysje siket in man dy't de ôfrûne dagen op It Hearrenfean besocht hat minsken op te lichten.
De man bellet foaral by âldere minsken oan en docht him dan foar as meiwurker fan in enerzjymaatskippij. Hy seit dat se de rekken net betelle hawwe en besiket se dêrnei jild ôf te troggeljen.