Soad reek by autobrân

14 okt 2010 - 16:28

In autobrân yn Damwâld soarge tongersdeitemiddei foar in soad reekûntwikkeling. By autobedriuw Venema wie in sloopauto yn de brân flein.

De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrole, mar koe net foarkomme dat de swiere reek yn de hiele omjouwing fan Damwâld te sjen wie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)