Untromming iishockeyhal

14 okt 2010 - 16:11

De iishockey-hal fan Thialf is tongersdei ûntromme. It gie om in oefening foar kliïnten fan Talant. Yn it ramt fan de Brandpreventie wiken wurde de minsken mei in beheining sa taret op sitewaasjes dêr't se mei brân te meitsjen krije kinne.

De kliïnten ha allegear in brânprevinsjekursus folge. Sa witte se bygelyks fan ôfspraken en flechtwegen. Ek oare groepen fan Talant oefenje noch, wa't dat it bêste docht makket kâns op in moaie priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)