Reza noch wiken útskeakele

De knibbelblessuere fan Reza Ghoochannejhad fan SC Cambuur is slimmer as earst tocht waard. Hy hat in skuorke yn de achterste krúsbân fan de knibbel. Reza rûn de blessuere op yn de bekerwedstriid tsjin VVSB. Hy skoarde yn dy wedstriid, mar by dy aksje kaam hy ek ûngelokkich yn botsing mei de peal.
Reza hopet yn de winterstop wer goed meitraine te kinnen. 'En alles wat je eerder bent is mooi meegenomen', sa lit de oanfaller witte.