Tophynder Totilas ferkocht
It dressuerhynder Totilas is ferkocht. Koartlyn helle it tophynder noch trije gouden medailles op it Wrâld- en Europees kampioenskip. No is er foar 10 miljoen ferkocht oan in Dútse hanneler.
De roots fan Totilas lizze yn Fryslân. Jan en Anna Schuil fan Broeksterwâld fokten it hynder. Doe't it hynder fiif jier wie hawwe se him ferkocht, mar se folgje him noch altyd.