Al folle mear guozzen

Der binne dizze hjerst folle earder en folle mear guozzen yn Fryslân om te oerwinterjen. Yn it Lauwersmargebiet binne benammen al in soad blesguozzen teld, mar ek it blaupoatsje wurdt al in soad sjoen. Op guon sliepplakken sitte al 30.000 guozzen, ferline jier wiene dat der mar 1000.
De gruttere oantallen wurde feroarsake troch it briedsúkses by de blesguozzen en it betide winterwaar yn it noarden. De fûgels sykje dan earder it suden op.