Fjouwer ynbraken by Nicator

14 okt 2010 - 11:45

Foar de fjirde kear yn koarte tiid is der ynbrutsen yn de kantine fan de Ljouwerter fuotbalferiening Nicator. Unbekenden brutsen yn de nacht fan woansdei op tongersdei de achterdoar fan de kantine iepen en namen ûnder oare jild út de klûs mei.

Yn de bestjoerskeamer namen de dieders alle kompjûters mei en fernielden alle kasten. De klup hat gjin idee wa't ferantwurdlik is foar de ynbraken, mar tinkt dat it bekenden binne, om't de dieders goed wisten wêr't alles stie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)