Botsing Valeriusplein Ljouwert
By in ûngelok yn Ljouwert op de krusing fan de Valeriusstrjitte en de Troelstrawei moast tongersdeitemoarn ien persoan troch de brânwacht út de auto helle wurde. Der wiene meardere auto's by de botsing belutsen.
De brânwacht wie yn earste ynstânsje ynskeakele yn ferbân mei lekkaazje fan benzine by ien fan de auto's. Dat foel ta.