Damwâldster botst trije kear

14 okt 2010 - 10:38

In 83-jierrige man út Damwâld hat woansdei yn syn wenplak trije botsingen feroarsake. De automobilist ried it parkearterrein by it winkelsintrum ôf en joech dêrby gjin foarrang oan in plakgenoat.

Nei dizze botsing ried de 83-jierrige man fol gas nei links. Dêr botste er frontaal op in bestelauto. De man ried dêrnei fol gas achterút en botste doe wer tsjin de auto fan syn plakgenoat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)