Fjild Amelandia fernield

14 okt 2010 - 09:53

It haadfjild fan fuotbalferiening Amelandia yn Hollum is fernield. In noch ûnbekende auto is tusken sneontemiddei en woansdeitemiddei oer it fuotbalfjild oan de Oranjewei riden. Dêrtroch binne der djippe spoaren yn it fjild ûntstien.

In 46-jierrige ynwenner út Hollum hat oanjefte dien. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)