Kulturele haadstêd ûndúdlik

14 okt 2010 - 06:21

De plannen om Fryslân yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen binne te ûndúdlik. Woansdeitejûn hawwe de steateleden praat oer de plannen fan de provinsje om har kandidaat te stellen. It moat folle dúdliker wurde wat de Friezen der aanst yn de oanrin nei dat evenemint fan fernimme.

Ek moat it jild dat de provinsje der yn stekt oars brûkt wurde. No giet in soad op oan kommunikaasje. Dat kin better stutsen wurde yn produksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)