De Saegher fuort by VC Snits

De Saegher ferlit VC Snits
Derk de Saegher, trener/coach fan it earste frouljusteam fan follybalklup Snits, hat dien krigen. Neffens it bestjoer is ta ûntslach besletten omdat De Saegher ynsette op súkses op koarte termyn. De klup wol krekt ta op it oplieden fan eigen jeugd. De Saegher kaam trije jier lyn by de Snitser follybalklup. Dit seizoen spylje de froulju op it heechste nivo, de A-league.