Flater by D66-list

© Omrop Fryslân
Problemen by D66 Fryslân. By it tellen fan de stimmen foar de list foar de kommende provinsjale ferkiezings is in flater makke. It betsjut dat de útslach fan de stimmerij foarige wike ûnjildich is en dat beëage listlûker Marieke van de Ree in twadde ronde oangean moat mei de man dy't likefolle stimmen bliek te hawwen, Klaas Hettinga.
Neffens D66 hat ûnerfarenheid de oarsaak fan de problemen west.