Nijbou Lankhorst
Yn Snits is in begjin makke mei de nijbou fan in produksjehal fan Lankhorst. De fabrikant fan ûnder oaren tou set de nijbou oer de âlde gebouwen hinne. Dy hûndert jier âlde gebouwen wurde dan sloopt.
De bouwurksumheden binne gund oan bedriuwen út de regio. De nije bedriuwshal fan Lankhorst sil goed 8000 kante meter grut wêze.