Tûkste klasse komt út Blauhûs

13 okt 2010 - 16:53

De tûkste klasse fan Fryslân komt út Blauhûs. Bern fan de Sint Gregoriusskoalle wûnen dy titel woansdei yn de Lawei yn Drachten. Skoallen koene yn 't foar fernijende ideeën ynstjoere, lykas in monorail foar toeristen troch Ljouwert.

Uteinlik wiene der fjouwer finalisten, mei hiele ferskillende ideeën. De bern yn de seal mochten stimme en keazen foar de wetterspetter fan Blauhûs. Dy útfining soarget derfoar dat minsken net te lang ûnder de dûs stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)