Ferlies A6.NL Flyers

A6.NL Flyers (foto: Martin de Jong)
De iishockeyers fan de A6.NL Flyers ha tiisdeitejûn de wedstriid yn Tilburch tsjin de Destil Trappers mei 1-0 ferlern. Allinne yn de twadde perioade koe Mickey Bastings fan Tilburch it net trilje litte.
De Flyers fan It Hearrenfean bliuwe foarlêste mei 5 punten út sân wedstriden. Sneon komt it team wer yn aksje. Dan is op it iis fan Thialf Nijmegen de tsjinstanner.