Twa himpplantaazjes yn ien hûs

Yn in wenning yn Ljouwert binne tiisdei twa himpkwekerijen ûntmantele. Yn in wenning oan de Aggemastate yn Ljouwert waard op de souder en yn in sliepkeamer in kwekerij fûn. De apparatuer en de planten binne ferneatige.
De stroom waard yllegaal ôftape. Enerzjybedriuw Enexis sil de skea ferhelje op de eigner fan de wenning. In pear jier lyn waard yn deselde wenning ek al in himpplantaazje ûntdutsen.