Plannen iepenbier ferfier oars

Gemeenten soene sels it iepenbier ferfier yn har gebiet regelje moatte. Hjirmei tinkt de provinsje it iepenbier ferfier op it plattelân op peil te hâlden. De provinsje is benaud foar besunigings fan it ryk op it ferfier.
Deputearre Adema wol dêrom ûndersyk dwaan nei oanpassings yn it ferfiersplan. Ek wol it provinsjebestjoer besjen wat it opsmyt wannear't de bus- en treinkonsesjes byelkoar dien wurde.