Te folle klups yn Ljouwert

12 okt 2010 - 21:06

Fan de tolve fuotbalklups yn Ljouwert hoege der mar sân oer te bliuwen. Dy moatte wol in goed plak ha mei genôch fjilden. Dit fynt it fuotbalbûn KNVB nei in stúdzje oer de besteanswearde fan de ferienings yn de stêd.

It ûndersyk waard dien yn opdracht fan de gemeente, dy't al langer fynt dat der tefolle klups binne. Klups lykas Nicator en SC Lions ha mar in pear leden en in tekoart oan frijwilligers, mar dochs moat Ljouwert flink betelje om de fjilden te ûnderhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)