Nijefurd measte frijwilligers

12 okt 2010 - 17:34

De gemeente Nijefurd hat de measte frijwilligers fan Nederlân, mei hast de helte fan alle ynwenners. Dat docht bliken út gegevens fan it CBS. Yn trochsneed set in fyfde fan alle Nederlanders him yn foar sok wurk.

Fryslân docht it as provinsje mei goed 26% better as de oare provinsjes. Neffens de frijwilligerssintrales komt dat ûnder oare trochdat Fryslân in soad lytse doarpen hat mei sosjale kontakten. Fierders binne der in soad frijwilligerssintrales.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)