Fries is CDA-fraksjefoarsitter

12 okt 2010 - 12:39

Sybrand van Haersma Buma is keazen ta fraksjefoarsitter fan it CDA yn de Twadde Keamer. Van Haersma Buma is de opfolger fan Maxime Verhagen, dy't fise-premier en minister fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje wurdt.

Van Haersma Buma is 45 jier âld en hy is berne yn Warkum. Sûnt 2002 sit er foar it CDA yn 'e Twadde Keamer. Hy wennet tsjintwurdich yn Voorburg.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)