A6 De Lemmer-De Jouwer ticht

12 okt 2010 - 12:36

De A6 fan De Lemmer nei De Jouwer is ôfsletten omdat de Skarsterrienbrêge net mear ticht wol. Dat komt troch in elektroanyske steuring yn de brêge.

Rykswettersteat seit dat it noch wol in pear oeren duorje kin foardat de brêge nei ûnderen kin. Oant dy tiid bliuwt de A6 fan De Lemmer nei De Jouwer ôfsletten en moat it ferkear omride. It ferkear rjochting suden, fan De Jouwer nei De Lemmer, kin der wol del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)