Himpkwekerij op It Hearrenfean

12 okt 2010 - 12:04

Yn in hûs oan 'e Willem de Zwijgerleane op It Hearrenfean is in himpkwekerij oprôle. In man (34) út It Hearrenfean en in man fan 36 jier út Purmerend binne oppakt.

De buertplysje hie in tip krige oer de saak. Yn 'e wente lei in grutte pûde mei himptoppen, 500 ôfknipte himpplanten, 600 stekjes en goed fiif kilo himp. Dat is mei de apparatuer yn beslach naam, plus de auto fan 'e fertochten. Dy is nei alle gedachten betelle fan 'e opbringst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)