Skeel oer iepening Hege Gerzen

De gemeente Gaasterlân-Sleat kin net samar rekreaasjesintrum De Hege Gerzen yn Aldemardum jûns ek iependwaan. Dat hat de rjochtbank bepaald. Der lizze ôfspraken mei fiif natuerorganisaasjes oer de iepeningstiden.
De Hege Gerzen is eigendom fan 'e gemeente. Dy woe it paviljoen yn augustus en septimber jûns langer iepen hawwe om mear jild te fertsjinjen. De natuerklups binne tsjin, want dat is net goed foar de fûgels en oare bisten yn it gebiet.