Frou ferwûne yn Beetstersweach
In 50-jierrige frou út Beetstersweach is moandei by in ûngelok yn har wenplak ferwûne rekke. Se ried yn har auto oer de Beetsterwei doe't se oanriden waard troch in oare auto. Dy kaam fan in útrit de dyk op. De bestjoerster fan dy auto hie net goed útsjoen.
It slachtoffer is mei ferwûnings oan de nekke nei it sikehûs brocht.