Tas mei post stellen
Yn Ljouwert binne moandei twahûndert poststikken stellen. Se sieten yn in tas dy't yn in fytsestalling op it Saailân stie. De grize tas wie dêr foar de postrinner delset. Doe't dy dêr kaam, wie de tas mei de post fuort.
De plysje ûndersiket de stellerij.
Trefwurden:
argyf